{
    "id": 441270,
    "slug": "de-woeste-hichten-emily-bronte",
    "nstc": null,
    "title": "De woeste hichten",
    "subtitle": null,
    "collection_title": null,
    "collection_part_number": null,
    "annotation": "De Woeste Hichten (1847), de iennige roman fan de jong ferstoarne Emily Bront\u00eb (1818-1848), is in \u00fbnferjitlik en \u00fbnmeilydsum boek fan in troch sosjale omstandichheden misbetearde hartstochtlike leafde. N\u00east Jane Eyre (1847) fan har suster Charlotte Bront\u00eb is De woeste hichten ien fan de bekendste romans fan de njoggentjinde iuw. Beide boeken binne no yn it Frysk te l\u00eazen.",
    "description": "De roman De Woeste Hichten is ien fan de bekendste leafdesskiednissen yn de wr\u00e2ldliteratuer. It is miskien ek wol de wreedste. It ferhaal spilet him \u00f4f tsjin de achtergr\u00fbn fan de \u00fbnbidige heidefjilden fan Noard-Ingel\u00e2n, op de twa boerepleatsen De Woeste Hichten en de Lysterpleats. <br />As de heit fan Cathy Earnshaw weromkomt fan in reis nei Liverpool docht bliken dat er in lyts jonkje bij him hat, dat er as f\u00fbnling op strjitte oantroffen hie. Hij is wat donker fan \u00fatsjuch en de suggestje is dat er fan sigeuners \u00f4fstamt. Heathcliff, sa wurdt er neamd, s\u00fbnder achternamme, groeit op mei de suver like \u00e2lde Cathy as lid fan de famylje. Mar as de heit fan Cathy stoarn is, en de \u00e2ldere broer fan Cathy de baas wurden is op De Woeste Hichten, wurdt Heathcliff linkenoan degradeard ta in arbeider, s\u00fbnder besit en s\u00fbnder kom\u00f4f, en s\u00fbnder sosjaal perspektyf. <br />Om dy reden trout Cathy \u00fateinlik mei Edgar Linton fan de Lysterpleats, ek al h\u00e2ldt se allinne fan Heathcliff. Yn de wurden oan har eardere bernefaam Nelly: 'As ik no mei Heathcliff trouwe soe, dan soe ik mij ferleegje, dat hij sil noait witte hoefolle as ik fan him h\u00e2ld. En dat is net, Nelly, omdat er kreas is, mar omdat hij mear mijsels is as ik dat sels bin. W\u00ear't \u00fas sielen ek fan makke binne, sinent en minent binne deselde [...] Hij is it d\u00ear't yn myn libben al myn tinken om draaid hat. As alles fergean soe, en hij bleau, dan soe ik ek noch bestean bliuwe. En as alles bestean bliuwe soe, en hij der net mear wie, dan soe it hele universum mij folslein frjemd wurde.' <br />Heathcliff wie foar Cathy har trouwen fuortgongen, mar komt nei in pear jier fol wraakgefoelens werom, wraak op Cathy har broer, wraak yn sekere sin ek op Cathy sels. Hij slingeret har de slimste ferwiten nei de holle: 'Do litst mij no sjen hoe wreed ast west hast - wreed en \u00fbnoprjucht. W\u00earom hast mij ferachte? W\u00earom hast dyn eigen hart ferret, Cathy? Ik kin net ien wurd fan treast betinke. Do fertsjinnest dit. Do hast dijsels fermoarde [...] Want ellinde en sykten en de dea, en neat dat God of de Satan \u00fas oandwaan koenen, hienen \u00fas skiede kinnen, mar do, \u00fat eigen frije wil, do hast dat dien. Ik ha dyn hart net brutsen - do hast dat dien, en hast d\u00earbij ek mines brutsen.' <br />De Woeste Hichten (1847), de iennige roman fan de jong ferstoarne Emily Bront\u00eb (1818-1848), is in \u00fbnferjitlik en \u00fbnmeilydsum boek fan in troch sosjale omstandichheden misbetearde hartstochtlike leafde. N\u00east Jane Eyre (1847) fan har suster Charlotte Bront\u00eb is De woeste hichten ien fan de bekendste romans fan de njoggentjinde iuw. Beide boeken binne no yn it Frysk te l\u00eazen.",
    "imprint": null,
    "language_code": "dut",
    "original_language_code": null,
    "page_count": 296,
    "duration_seconds": null,
    "publication_date_first": "2022-07-07",
    "publication_date_latest": "2022-07-07",
    "cover_url": null,
    "editions": [
        {
            "isbn": "9789463654531",
            "product_form": "ED"
        }
    ],
    "ratings_count": 0,
    "read_count": 0,
    "review_count": 0,
    "favorite_count": 0,
    "reading_status_read_count": 0,
    "reading_status_reading_count": 0,
    "reading_status_want_to_read_count": 0,
    "rating_average": null,
    "ratings_distribution": {
        "1": 0,
        "2": 0,
        "3": 0,
        "4": 0,
        "5": 0
    },
    "created_at": "2025-09-19T13:50:22+00:00",
    "updated_at": "2025-10-31T00:37:21+00:00",
    "publisher": {
        "id": 6531,
        "slug": "elikser-bv-uitgeverij",
        "name": "Elikser B.V. Uitgeverij",
        "created_at": "2025-09-19T13:38:07+00:00",
        "updated_at": "2025-09-19T15:13:47+00:00"
    },
    "contributors": [
        {
            "id": 272634,
            "slug": "emily-bronte-3",
            "key_names": "Bronte",
            "names_before_key": "Emily",
            "prefix_to_key": null,
            "contributor_role": "A01",
            "readable_contributor_role": "Author"
        }
    ],
    "genres": [],
    "subjects": [
        {
            "scheme_identifier": "32",
            "scheme_version": null,
            "main_subject": false,
            "subject_code": "302",
            "created_at": "2025-09-19T13:50:22+00:00",
            "updated_at": "2025-09-19T13:50:22+00:00"
        }
    ],
    "campaigns": []
}